Cambuur lit trije spilers gean

11 mrt 2003 - 00:00

Johan Abma, Kenan Durmusoglu en Robert Loontjens krije gjin nij kontrakt by Cambuur. De fuotballers ha dat moandei heard. Yn desimber wie har sein dat se in oanbieding krije soene. Foar Johan Abma, dy't sûnt 1988 foar de Ljouwerters mear as 400 wedstriden spile, kaam it nijs hurd oan.

Allinnich Jan Bruin bliuwt it kommend seizoen. De topskoarder krijt in legere oanbieding yn ferbân mei de minne finansjele sitewaasje by de klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)