Plysje wol nije rellen keare

© Omrop Fryslân
De Jouster plysje wol foarkomme dat der takom wykein wer fjochterij is. Dêrom sil de plysje ekstra minsken ynsette. Fierders is de plysje yn petear mei de gemeente, jongerenwurk op 'e Jouwer en de lieding fan it asylsikerssintrum.
Freed giene jonge Jousters op 'e fûst mei asylsikers. Dat barde oan de Midstrjitte. Mei-inoar wiene tachtich man by de fjochtpartij belutsen. Der binne al langer spanningen tusken Jousters en asylsikers.