Nije Fryske studintefilm

© Omrop Fryslân
'Utgong', dat is de titel fan in nije Fryske studintefilm. Op dit stuit binne in tal studinten fan de NHL dwaande mei de opnames. It giet oer de hjoeddeiske maatskippij en it fertutearze plak fan âlderen dêryn. De 15 minuten lange film is in stúdzjeprojekt fan 15 tûzen euro en wurdt betelle troch subsydzjes.
Rense Westra spilet de haadrol. Omdat de film in stúdzjeprojekt is, is der gjin jild om Westra te beteljen. Sjoen it ûnderwerp fûn dy dat gjin probleem.