Johan Groote tydlik nei FVC

10 mrt 2003 - 00:00

Cambuur-trainer Johan Groote makket it seizoen ôf by sneins earsteklasser FVC. Groote moat sjen te foarkommen dat FVC degradearret. Hy bliuwt ek trainer fan it belofteteam fan Cambuur en sit moandeitejûn gewoan op 'e bank yn Volendam as Cambuur spilet tsjin de nûmer ien fan 'e beloftekompetysje. Cambuur stiet twadde yn dy kompetysje.

Groote folget Guido Pen op foar de rest fan it seizoen. Pen hat freed dien krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)