Jorritsma sponsor maratonteam
Reedrider Jeroen de Vries fan Sint Nyk wurdt de kopman fan it maratonteam dat boubedriuw Jorritsma as haadsponsor hat. Fierder sit Martijn Kromkamp fan Wolvegea yn it team.
Mei noch twa oare reedriders wurdt ûnderhannele oer in kontrakt. Jeroen de Vries kin de nije sponsor goed brûke nei't trije grutte sponsors opholden binne.