Twivels oer ynset Jan Ploeg

10 mrt 2003 - 00:00

PvdA-listlûker Anita Adriesen hat har twivels oer de ynset fan CDA-deputearre Jan Ploeg. Dat sei se sneon op in partijbyienkomst yn Drachten.

It noasket Andriesen benammen min dat Ploeg sei syn earste perioade as deputearre as staazje en part-time wurk te sjen. Andriesen joech oan dan wolris in staazjeferslach fan Ploeg sjen te wollen. Ploeg lit it ek gauris ôfwitte by kommisjegearkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)