Sjitpartij yn Twizel

09 mrt 2003 - 00:00

Yn Twizel binne sneintemoarn trije manlju oanhâlden. Sy soene sketten ha op in ytkafee oan de Optwizel yn it doarp. De trije komme út Feankleaster, Damwâld en Koatstertille.

De manlju hiene earder yn de saak frege nei in persoan. Doe't bliken die dat dy der net wie, waard in pear kear yn de loft sketten. Letter skeaten de trije bûten nochris yn de rjochting fan it eetkafee. Oft dat mei in fjoerwapen of in gaspistoal wie is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)