Johannes Passion foar jongeren

Om jongeren yn de kunde komme te litten mei klassike muzyk, wurdt yn ROC Friese Poort yn Ljouwert op 28 maart de Johannes Passion fan Bach opfierd. Learlingen fiere mei musisy fan de Nederlânske Bach Akademy en Concerto d'Amsterdam in koarte ferzje út fan de Johannes Passion.
De skoalle wurket dêrby gear mei de stifting Fryske Harlekyn. It is de bedoeling dat dit projekt yn de takomst ek yn oare plakken útfierd wurdt.