Pleit Brander tsjin ING bank

© Omrop Fryslân
De bedriuwen Beheer Noord en Beheer Oost daagje de ING bank tiisdei foar de rjochter. De twa boubedriuwen binne fan Jouke Brander, direkteur fan it fallite Westerbaan. Hy rjochte de bedriuwen koart foar it fallissemint fan Westerbaan op en brocht der in part fan it wurk yn ûnder.
De bank lei beslach op guod fan Brander om't de bank noch miljoenen fan him ha moat. Brander easket yn in koart pleit ophef fan it beslach.