Hantekens foar in humaner belied

07 mrt 2003 - 00:00

It Twadde-Keamerlid Rendert Algra (CDA) hat freed yn Ljouwert 3800 hantekens foar in minskliker asylbelied yn ûntfangst nommen. De hantekens binne sammele yn de tsjerken. Dy wolle dêrmei oanjaan dat it maatskiplik draachflak grut is foar in generaal pardon.

Algra stimde lêsten as iennige CDA'er foar de LPF-moasje oer in generaal pardon foar asylsikers dy't hjir langer as fiif jier binne. Balkenende krijt de hantekens nije wike oanbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)