Optrede tsjin yllegale sekshuzen

© Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân komme hieltyd mear yllegale sekshuzen foar. Foaral prostitúsje fia eskortburo's nimt ta. Dat stiet yn in notysje oer de feilichheid yn de gemeente. De plysje kontrolearret de kommende tiid stranger. De gemeente krijt in soad klachten oer yllegale prostitúsje.
Yn de notysje stiet ek dat der mooglik in meldpunt komt foar oerlêst troch jongeren, buorlju en minsken dy't psychysk net yn oarder binne.