Huzen De Akkers hoege net plat

© Omrop Fryslân
De simplekswenningen yn de wyk de Akkers op It Hearrenfean wurde net sloopt. Ut ûndersyk nei de fundearrings fan de 190 huzen docht bliken dat se der net sa min oan ta binne dat de hûzen ôfbrutsen wurde moatte.
Wenningstichting Arqin wol mei de hierders prate. De huzen moatte wol opknapt wurde. Ek moat der mear ferskaat oan bewenners komme. Yn de wyk wenje foaral gesinnen. Der soenen ek senioarewenningen komme moatte.