Weijer wint siswizewedstriid

© Omrop Fryslân
De orizjineelste nije Fryske siswize is betocht troch Hâns Weijer fan Bovensmilde. Hy is de winner fan in wedstriid dy't organisearre wie troch de Afûk fanwege it 75-jierrich jubileum. Minsken koene sels nije sprekwurden en siswizen betinke.
Weijer wûn mei "It Frysk sil bliuwe, sei Ate, as oaren it mar skriuwe en prate'. Der wiene mear as 1500 ynstjoerings. Fan de acht moaisten binne ansichtkaarten printe.