Goedkeap grêf Littenseradiel

12 mrt 2012 - 07:26

Yn de gemeente Littenseradiel kostet in grêf it minste fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan útfeartfersoarger DELA nei de tariven fan goed 580 gemeentlike begraafplakken yn goed 280 gemeenten. Littenseradiel rekkenet 456 euro foar in grêf foar 20 jier.

Yn Ferwerderadiel gie it taryf mei 50 persint omheech. Dêr kostet in grêf no 870 euro. Dêrmei stiet de gemeente op it achtste plak yn de top tsien fan goedkeapste gemeenten. Op nûmer twa stiet Tytsjerksteradiel. Dêr is it taryf 567 euro foar in grêf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)