Enkête: PvdA leit foar op CDA

© Omrop Fryslân
De Provinsjale Steateferkiezings lykje op 11 maart in kampreed te wurden tusken CDA en PvdA. Dat docht bliken út de NIPO-enkête dy't yn opdracht fan Omrop Fryslân holden is. De PvdA soe de grutste partij wurde. CDA en VVD binne de grutte ferliezers yn it ûndersyk.
De SP soe mei 4 sitten yn 'e Steaten komme, de LPF mei 2. Winst is der fierder foar D66 en GBF. FNP en CU/SGP bliuwe gelyk, GrienLinks ferliest. Sjoch TT-side 165 en ús ynternetside.