Hans Vonk net mear ynternational

07 mrt 2003 - 00:00

Keeper Hans Vonk fan sportklup Hearrenfean komt nei alle gedachten net mear út foar it nasjonale alvetal fan Súd-Afrika. Vonk past neffens de bûnscoach fan Súd-Afrika net yn de plannen dy't hy mei it alvetal hat.

Vonk melde him in moanne lyn ôf foar it trainingskamp. De bûnscoach seit dat er Vonk genôch kânsen jûn hat en dat it no dien is. Vonk hat njonken de Nederlânske ek de Súd-Afrikaanske nasjonaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)