Oare keaper socht foar Trebol

06 mrt 2003 - 00:00

Eigner Gerstel fan Studio Trebol yn Harns sjocht ôf fan syn plannen om in part fan it teater te ferkeapen oan JHV Amusemintscentra. Hy besleat hjirta om't de gemeenteried neat sjocht yn Trebol as gokhal.

Mei de opbrengst fan de gokautomaten soene grutte artysten nei Harns helle wurde, sa wie it plan. Lykwols, de hiele gemeenteried sjocht dêr neat yn. Gerstel siket no in oare keaper foar it teater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)