Ljouwerter op Skiphol oppakt
In 49-jierrige man út Ljouwert is sneintemiddei oppakt op Skiphol. Hy hie him op in flecht nei de lofthaven misdroegen tsjin it kabinepersoniel. Dat hat de maresjesee witte litten.
De Ljouwerter koe syn hannen net thúshâlde en hie kabinepersoniel beetpakt. De maresjesee hat him nei de lâning oppakt. Nei ferhear mocht er nei hûs.