Himpkwekerij yn Ternaard

06 mrt 2003 - 00:00

De plysje hat woansdeitemoarn in himpkwekerij oan de Hantumerwei yn Ternaard oprôle. Yn in loads binne 14.000 planten fûn. Dy binne yn beslach nommen en 1ûnderwilens ferneatige.

Ek de apparatuer dy't yn de loads stie, is troch de plysje meinommen. De eigner fan de loads is in 38-jierrige ynwenner fan Ternaard. Hy is oanhâlden en nei it opmeitsjen fan in proses-ferbaal wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)