Wieteke Cramer sûnder kontrakt

06 mrt 2003 - 00:00

Reedrydster Wieteke Cramer fan De Lemmer sit nei de wrâldkampioenskippen ôfstannen sûnder ploech. DSB wol it kontrakt net ferlinge, want der is te min perspektyf neffens de trainers. Itselde jildt foar Barbara de Loor.

Rintsje Ritsma hat syn kontrakt mei TVM mei in jier ferlingd. Ritsma is no 32 jier en waard dit jier twadde by sawol it EK as it WK Allround. Hy sil him it kommende jier folslein rjochtsje op dy grutte allround-toernoaien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)