Njoggen foar Coopmanshûs

© Omrop Fryslân
It Fryske publyk is goed te sprekken oer museum it Coopmanshûs yn Frjentsjer. Foaral de klantfreonlikens stimt ta tefredenens. De besikers jouwe dêrfoar in rapportsifer fan in njoggen.
Studinten fan de Kristlike Hegeskoalle yn Ljouwert, de CHN, hawwe dat ûndersocht. 600 minsken waarden nei harren miening frege oer it museum. It die ek bliken dat in mearderheid net wit hokfoar keunstkolleksjes it museum krekt biedt.