Snits te set oer referindum

06 mrt 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Snits beslút tiisdei oer in wike oft der in referindum komt oer de nij te beneamen boargemaster. It beslút moat nommen wurde foardat der mei in profylskets foar de opfolger fan Hartkamp útein set wurdt. Dy moat ein april klear wêze.

Dêrnei begjint de sollisitaasje- prosedure. Gadingmakkers moatte yn it foar witte oft der al as net in referindum komt. As dat al bart, dan kinne de Snitsers kieze út 2 kandidaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)