Nije djoere riedseal Ljouwert

06 mrt 2003 - 00:00

De partijen yn de gemeenteried fan Ljouwert wolle mear witte oer de kosten fan in nije riedseal yn it plysjeburo oan it Gouverneursplein. It kolleezje wol de seal bouwe yn it plysjeburo om't de hjoeddeistige riedseal yn it stedhûs te lyts wêze soe.

De PvdA en de VVD fine de kosten fan 2,8 miljoen euro te heech. Oare partijen binne wol te sprekken oer de plannen. De ried praat kommende moandei oer de nije riedseal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)