Jackpot falt op net besteand hús

© Omrop Fryslân
De jackpot fan de Postcodeloterij fan 4,8 miljoen euro is fallen yn Hallum. Gjinien krijt de priis lykwols want hy is fallen op in net ferkocht lot. It searjenûmer dêr't de jackpot op fallen is, is in nûmer dat net tawiisd is oan minsken mei in lot.
As jo meidogge oan de lotterij, dan is jo postkoade jo lotnûmer, mar dêrby krije je in searjenûmer. Foar de jackpot is dat nûmer nedich. Alle oare prizen kin je mei de postkoade winne.