FNP:hinnekadavers net nei Burgum

06 mrt 2003 - 00:00

De FNP ropt it kolleezje fan deputearre steaten op om foar te kommen dat der hinnekadavers nei Rendac yn Burgum ferfierd wurde. It giet dan om hinnen út it gebiet dêr't fûgelpest hearsket. De partij wiist op ôfspraken dêroer mei it ministearje fan lânbou.

De kadavers wurde no noch ferneatige by Rendac yn Son en Breugel. Brabânske boeren fine dat de kadavers nei Fryslân moatte, om't it ferfier troch in gebiet mei in soad hinnebedriuwen giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)