Ekstra aaidoaskes mei fûgelpest

06 mrt 2003 - 00:00

Leopack yn Frjentsjer leveret dizze wike 40 frachtweinen mei aaidoaskes ekstra fanwege de fûgelpest. Dat is de helte mear as oars.

It ekstra ferpakkingsmateriaal is nedich om't de doaskes mar ien kear brûkt wurde kinne op ien bedriuw. Dit is om besmetting foar te kommen. Fierder wurde der mear aaien opslein. De doaskes wurde út foarried levere, mar as dy op it helle Leopack se út it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)