'Provinsjebestjoer ferdwynt net'

© Omrop Fryslân
Jonge Fryske politisy ferwachtsje net dat de provinsje as bestjoerslaach ferdwynt. De provinsje sil just mear foech krije oer in grut tal saken. De eigenheid fan Fryslân is ek te grut om dy opgean te litten yn bygelyks ien grut noardlik lânsdiel.
In grut lanlik ûndersyk liet dizze wike wat oars sjen. In mearderheid fan de sittende steateleden ferwachtet dat oer tweintich jier in kwart oant trijekwart fan de provinsjes net mear bestiet.