Ynspraak N381 goed besocht

© Omrop Fryslân
De opkomst by de ynspraakgearkomste oer de N381 wie grut. De N381 is in gefaarlike dyk tusken Drachten en Appelskea. De provinsje wol de dyk foar in part ferdûbelje. Der is in stúdzje geande. Der steane 3 trasees op papier.
Yn it Wite Hûs yn Donkerbroek koene de bewenners fan de dyk woansdei sizze wat se fan de plannen fine. Guon hiene problemen mei it plak fan in nije krusing by Easterwâlde-Noard, dy't oerlêst jaan sil foar in nije wenwyk dêr