Rampen better koördinearje

05 mrt 2003 - 00:00

De koördinaasje by (miljeu)rampen op de Waadsee moat better regele wurde. Dat is de konklúzje út in rapport oer risiko's. By it bestriden fan rampen binne ferskate gemeenten en ynstânsjes ferantwurdlik. De taakferdieling is net dúdlik fan wa't wêr ferantwurdlik foar is.

Der komt in nij plan dat oer in jier klear wêze moat. It rapport is makke op oantrunen fan de kommisje Samenwerking Ongevallenbestrijding Waddenzee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)