Mediamuseum iepenet doarren

© Omrop Fryslân
It mediamuseum yn Ljouwert hat tiisdei de doarren offisjeel iepene. Yn itselde pân is ek in filmmuseum, mar dat is noch net tagonklik foar publyk om't it net brânfeilich is.
Op koarte termyn is der trije ton nedich om út te groeien ta folweardich filmmuseum, neffens inisjatyfnimmer Brugman. Hy hopet op stipe fan bekende Friezen. Brugman sammelt al jierren alderhande saken dy't te krijen hawwe mei de histoarje fan de media.