Santi Kolk ferhierd

05 mrt 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat oanfaller Santi Kolk ferhierd oan ADO Den Haach. Dêr spile er earder ek foar't er yn 2000 nei Fryslân kaam. Kolk wurdt foar de twadde kear ferhierd. Ferline jier spile er in skoft foar RKC Waalwijk. Syn kontrakt by SC Hearrenfean rint oant july 2005.

SC Hearrenfean hat it Deenske talint Bo Storm (16) oernaam fan AGF Århus. Hy hat in kontrakt tekene foar trije jier. De jonge fuotballer komt 1 july nei Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)