Aksje foar feiliger ferkear

© Omrop Fryslân
It tal ferkearsslachtoffers moat yn de perioade oant 2010 mei in kwart ôfnimme. Dat is de doelstelling fan de 'Actie-25% verkeersslachtoffers' dy't woansdei op it provinsjehûs presintearre waard.
De aksje is in gearwurking tusken de provinsje, de Fryske gemeenten, It Iepenbier Ministearje, 3VO en RWS. It ferleegjen fan it tal slachtoffers moat stal krije troch it gedrach fan de ferkearsdielnimmer te feroarjen.