Stek nedich om haven Twizel

© Omrop Fryslân
Om de haven fan Twizel komt in stek te stean om foar te kommen dat noch langer troep yn it wetter smiten wurdt. Dat hat de gemeente Achtkarspelen besletten yn oerlis mei Pleatslik Belang.
De lêste tiid wurdt in soad rommel yn it wetter fan de haven dumpt, lykas oaljefetten, húsried, glês en sels in dea skiep. Pleatslik Belang fynt it spitich dat der in stek komme moat, mar seit dat it net oars kin.