Boargemasters krije nije hammer

05 mrt 2003 - 00:00

Boargemasters yn Fryslân brûke tenei in foarsittershammer fan hout dat út goed behearde bosken komt. De hammer wurdt har oanbean troch it Wereld Natuur Fonds. Dat set him bot yn foar it behâld fan de bosken op de wrâld.

Alle jierren ferdwynt der neffens it WNF 150.000 kante kilometer bosk. Dat is fjouwer kear Nederlân. It fûns hat alle boargemasters yn Nederlân in hammer oanbean. Sy ha der hast allegear posityf op reagearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)