Tuinstra út Drachten fermist

© Omrop Fryslân
Trinus Tuinstra (23) fan Drachten wurdt sûnt sneon fermist. Hy hat syn hûs oan de Robijnekamp ferlitten yn in reade Ford Escort. Hy hie in swarte spikerbroek oan, in griis t-shirt, swartwite sportskuon en in swart bomberjack. Hy is 1.85 meter lang, hûndert kilo en hat koart ljocht hier.
De plysje siket kontakt mei minsken dy't Tuinstra nei sneontemoarn noch sjoen ha. De plysje wol witte wêr't de man no is. Belje kin nei 0900 - 88 44.