MFC yn Hurdegaryp?

© Omrop Fryslân
Yn Hurdegaryp komt mooglik in multyfunksjoneel sintrum. Trettjin wolwêzensynstellingen dogge dêr mei de gemeente ûndersyk nei. Dat ûndersyk mei in healjier duorje. Foar de skoalle, de berne-opfang en it doarpshûs moatte de húsfestingsproblemen gau oplost wurde.
As de ynstellingen ûnder ien dak komme, kin op de frijkommen lokaasjes huzen boud wurde foar senioaren en starters. De gemeenteried nimt ein nije wike in beslút oer it ûndersyk.