Zalm kart akkoart gasboarjen ôf

04 mrt 2003 - 00:00

VVD-fraksjefoarsitter Gerrit Zalm hat gjin goed wurd oer foar it akkoart dat PvdA en CDA sletten ha oer gasboarrings op it Waad. In pear moanne lyn joech it âlde kabinet mei CDA, VVD en LPF noch tastimming oan de NAM om gas te winnen fan it fêste lân ôf by Lauwerseach, Peasens en Moddergat.

No fynt itselde CDA, mar no mei de PvdA, dat soks net mear wêze moat. Unferstannich fynt Zalm, om't it nije kabinet it jild hurd nedich hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)