Fûgelpits mei bisten ferfiere

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Eanjum is út de problemen dy't it opfangsintrum hie. Troch it ferfiersferbod fanwegen de fûgelpest mochten hûndert skjinmakke oaljefûgels net ferfierd wurde. Gaatske Wiersma fan de Fûgelpits krige tiisdei in ûntheffing fan it ministearje fan Lânbou om de skjinne fûgels nei de Waadsee te bringen om se dêr út te setten.
De Fûgelpits hat no wer romte om oare fersmoarge fûgels op te fangen