Henny Lee manager jeugd Cambuur

© Omrop Fryslân
Henny Lee, twadde trainer fan Cambuur, sil him fan tiisdei ôf net mear mei de earste seleksje dwaande hâlde. Op eigen fersyk sil hy de lêste moannen fan syn kontrakt úttsjinje as technysk manager fan de jeugdoplieding.
Niels Overweg wurdt de nije assistint fan Rob McDonald. Overweg hat dat wurk earder dien by Cambuur en is no trainer fan in jeugdploech. Ek de trainer fan de A-junioaren, Gerry Schouwenaar, wurdt mear belutsen by it earste.