Ek Fryske buorkerijen 'op slot'

03 mrt 2003 - 00:00

Hûndert fan de hûndertfjirtich Fryske plomfeebedriuwen sitte op slot fanwege de fûgelpest. Der meie gjin piken en gjin briedaaien mear yn of út. Ek de eksport stiet stil.

De maatregels jilde earst oant tiisdeitemiddei. Foar bedriuwen dy't hannelje yn konsumpsje-aaien jilde de beheinings earst net. De NLTO hat moandei spoedoerlis hân oer de sitewaasje. Der is in spesjaal telefoannûmer iepensteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)