Boete foar 'insteek'

03 mrt 2003 - 00:00

De plysje fan Stiens en omkriten moat op har tellen passe. Of better sein: op har wurden. Want amtlik of 'lelijk' Nederlânsk kin tenei sinten kostje.

De plysjes kinne boetes fan 50 sinten krije foar útdrukkings lykas 'insteek', 'win-winsituatie' of 'piketpaaltje zetten'. It giet om in ludike aksje fan in tal plysjes dy't har nocht hawwe fan soksoarte wurden. It jild krijt in goede besteging: it komt yn de personeelspot.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)