Boalsert wol ek by A7-sône

03 mrt 2003 - 00:00

De gemeente Boalsert wol ek oan de A7-sône tafoege wurde. De stêd soe romtlik en ekonomysk sjoen strategysk lizze. Ek is der noch romte foar bedriuwichheid, neffens de gemeente. Dat alles skriuwt de gemeente yn in brief oan de provinsje.

Fierder freget Boalsert yn de brief om stipe foar it ûntwikkeljen fan in wenwyk by de Snitserfeart lâns, oan de súdkant fan de A7.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)