Spul om diere-asyl útiten?

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen betellet dochs mei oan 'e tariedingskosten foar in diere-asyl yn Smellingerlân. Yn Drachten soene ek de bisten út Achtkarspelen ûnderdak krije.
Mar Achtkarspelen besleat úteinlik sels in diereasyl te bouwen. Smellingerlân woe derop 100.000 euro fan 'e oare gemeente hawwe, jild dat stutsen is yn de tarieding fan de bou. Achtkarspelen wol dêr no 25.000 euro oan meibetelje en Smellingerlân liket dêr akkoart mei te gean.