Hearrenfean ferliest fan PSV

© Omrop Fryslân
SC Hearenfean ferlear sneontejûn mei 1-0 yn it eigen stadion fan PSV, de koprinner ut de Holland Casino Devyzje.
Lange tiid like it derop dat it 0-0 bliuwe soe. Hearenfean wie by fleagen sels de bettere ploech, mar Arjan Robben makke yn de 47ste minuut fan de twadde helte dochs noch de winnende treffer, en dus wie it in soer ferlies foar Foppe de Haan syn ploech. Neffens PSV-trainer Hiddink is Hearrenfean de lêste tiid folle better wurden.