Ljipaaisykseizoen begûn

© Omrop Fryslân
Neffens de aaisikers is it noch te betiid, mar it aaisykseizoen is sneon al fan start gien. It seizoen duorret noch oant 8 april. Troch in oanskerping fan de regels meie der noch mar 15 aaien per persoan socht wurde, wat net maklik te kontrolearjen is.
Foar it earste ljipaai liket it no noch wat te betiid. Der sit noch froast yn de grûn. Ferline jier waard it earste ljipaai op 9 maart by Tsjerkgaast fûn.