Nije spoedopfang MCL-súd

01 mrt 2003 - 00:00

De ôfdieling spoedeaskjende help fan sikehûs MCL-súd yn Ljouwert krijt meikoarten in nij ûnderkommen. It is ien fan de earste ofdielings fan MCL-súd dy't yn de nijbou fan it sikehus komme.

Fan 12 maart ôf sit de spoedeaskjende help yn it nije underkommen yn MCL-súd. De ôfdieling krijt trettjin keamers. Guon dêrfan binne foar it behanneljen fan in spesifyk probleem. Ek komt der in eigen yngong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)