Jonge omkommen op bouplak

© Omrop Fryslân
In 13-jierrige jonge út Waskemar is freedtemiddei omkommen by in ûngelok op in bouplak. Dat barde yn Dronten. In kezyn fan in rút foel troch noch ûnbekende oarsaak nei ûnderen en kaam op de jonge telâne, dy't op de grûn stie. Hy stoar op it plak sels.
De jonge wie op it bouterrein mei syn heit, dy't dêr wurket. De arbeidsynspeksje ûndersiket de oarsaak fan it dealik ûngemak.