'COA hat blundere'

© Omrop Fryslân
It orgaan foar opfang asylsikers, it COA, hat op Amelân tefolle op 'powerplay' spile. Dêrby is flater op flater steapele. It COA moat dêr fan leare. Dat fynt direkteur Van Tilborg fan de stifting Inlia.
Inlia wie ree om de opfang fan de 56 asylsikers op it Amelân oer te nimmen. Sa fier kaam it net. Tongersdei sei it COA dat de asylsikers dochs oant de simmer bliuwe meie. Ek asylsikers yn Assen ha no in rjochtsaak oanspand.