Nije bloedbank iepene

28 feb 2003 - 00:00

Sanquin is it nije donorsintrum fan de bloedbank by it sikehûs MCL-Súd yn Ljouwert. It sintrum is freed offisjeel iepene. It nije sintrum ferfangt it gebou by it MCL-Noard, dat noch mar krekt oan alle easken foldie.

Neffens de direkteur fan de bloedbank is it nije gebou in goede stap yn de fierdere ûntjouwing fan de bloedbank yn it Noarden. Mei elkoar moat it nije donorsintrum it bloed fan sa'n 35.000 Fryske donoaren ferwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)