Terminal Distrivaart iepene

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is freed in nije opslachterminal iepene foar in proef mei Distrivaart. Dat is in lanlik netwurk fan fjouwer distribúsjesintra oan it wetter. Neist Drachten binne dat Zwolle, Den Bosch en Dongen.
In spesjaal binnenskip bringt ien of twa kear yn 'e wike palets mei bier en frisdrinken nei Drachten ta. Dêrnei giet it guod fierder mei frachtweinen nei supermerken. As it in sukses is, wurdt de terminal op De Haven útwreide.